Follyballers stunte tsjin Brazilië by wrâldbeker yn Japan

16 sep 2019 - 12:08

De Nederlânske follybalfroulju, mei dêrby Marrit Jasper fan Snits, hawwe moandei foar in ferrassing soarge yn Japan. De ploech fan bûnscoach Jamie Morrison wie yn trije sets te sterk foar Brazilië.

Marrit Jasper yn aksje by in oare wedstriid - Foto: Orange Pictures

De winst tsjin Brazilië wie alwer de tredde oerwinning fan Oranje, dat earder al wûn fan Argentinië en Kenia. Brazilië is lykwols in folslein oare tsjinstanner, en stiet fjirde op de wrâldranglist.

It toernoai om de wrâldbeker is ien kear yn de fjouwer jier. Njonken it organisearjende lân, Japan, en de wrâldkampioen, Servië yn dit gefal, dogge de twa bêste lannen fan elk kontinint mei. Oranje is der foar de twadde kear by.

Njonken Nederlân hawwe ek de Feriene Steaten en Sina noch gjin wedstriid ferlern op it prestizjeuze toernoai.

Trefwurden: 
Marrit Jasper Oranje follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)