Gemeenteried Smellingerlân hat soargen oer tekoarten soarch

16 sep 2019 - 11:25

In grut part fan de gemeenteried fan Smellingerlân makket him soargen oer de tekoarten op it mêd fan soarch en benammen de jongereinsoarch. Ofrûne simmer waard bekend dat de gemeente it jier 2018 ôfslute mei in tekoart fan 1,6 miljoen. Op inisjatyf fan de Eerste Lokale Partij (ELP) wurde der trije moasjes yntsjinne foar feroarings yn de soarch.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De moasjes wurde stipe troch it CDA, de VVD, GroenLinks, de FP, Smallingerlands Belang en de PvdA. De partijen hawwe der noed oer dat de tekoarten allinnich mar mear oprinne sille. Dêrom wolle se dat de oerienkomsten mei soarchoanbieders ûnder de loep naam wurde en dat der ûndersocht wurdt oft der in bettere manier is foar it oanbesteegjen fan de soarch.

Soarchfraude

Ek wolle se dat der goed sjoen wurdt nei de grutte winsten en hege salarissen by de soarchoanbieders. Undersyk fan Knooppunt Zorgfraude soe útwiisd hawwe dat 30 persint fan de bestjoerders binnen it ûndersyk nei soarchfraude mei justysje yn oanrekking west hat. De gemeente soe bestjoerders, oandielhâlders en personiel fan soarchoanbieders dêr't se in kontrakt mei hat dêrom freegje moatte om in VOG.

Sintrumregeling

De tredde moasje oanbelanget de provinsjale gearwurking op it sosjaal domein. De neamde partijen yn Smellingerlân fine dat se net genôch kontrôle en ynfloed hawwe op dat provinsjale belied. Se oerwage harren op guon flakken werom te lûken út dy sintrumregeling of wolle mear ynfloed nei harren ta lûke.

(advertinsje)
(advertinsje)