Meiwurkers TBS-klinyk lizze wurk del fanwege problemen

16 sep 2019 - 11:07

It personiel fan klinyk Hoeve Boschoord by Boyl hat moandei it wurk dellein foar in krisisoerlis mei de direksje. Dat meldt de Telegraaf. De meiwurkers meitsje har slim soargen oer de feiligens. Se sizze dat der grutte ûnderbesetting is en dat de situaasje 'ongelooflijk onveilig is'.

Aryffoto: Helptsjinsten by in insidint by Hoeve Boschoord - Foto: Anton Kappers

Hoeve Boschoord falt ûnder de stichting Trajectum en der wurde tbs-ers en minsken mei in ferstanlike beheining behannele. Foar in part sitte dizze minsken frijwillich yn de klinyk, mar oaren sitte der ferplichte. De ôfrûne jierren soene der meardere ynsidinten west hawwe, wêrby't agresje in rol spile. It giet dan bygelyks om agresje tsjin meiwurkers, of agresje ûnder kliïnten sels, drugsproblemen en sels sedesaken.

Yn it nijs

Hoeve Boschoord wie earder dit jier noch yn it nijs fanwege in skandaal mei in sosjoterapeut. De terapeut út Steenwijk bea in minderjierrich famke oan foar seks. De man krige yn febrewaris 2,5 jier sel foar syn die. In 39-jierrige bewenner fan Boschoord waard feroardiele foar oantaasting fan in frou yn it waskhok. Begjin maart wie der noch in brân yn de wenfoarm.

De Hoeve stiet sûnt juny 2018 ûnder ferskerpe tafersjoch. De Telegraaf hat mailferkear yn hannen krigen wêrút bliken docht dat der ôfrûne freed wer in ynsidint west hat. De krante skriuwt dat it management yn in mail begrypfol reagearre hat: "We erkennen de geschetste problemen en nemen die zeer serieus. Maar we willen nu eerst in overleg met onze mensen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)