Faasjeduvel rekket rydbewiis kwyt

16 sep 2019 - 10:41

In 53-jierrige ynwenner fan Zeist is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke op de N358 by Easternijtsjerk.

Foto: Shutterstock

De man moast syn papieren ynleverje nei't er fierstente hurd by in laserkontrôle delried. De sjauffeur hie mar leafst 137 kilometer yn de oere op de teller stean, wylst 80 kilometer de limyt is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)