Kollum: "Draai ús boeren mar de nekke om"

16 sep 2019 - 08:20

"Eksakt in wike lyn rôp Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 dat Nederlânske hinne- en bargeboeren de helte fan harren bisten fuortdwaan moatte. It Keamerlid wol mei dy maatregel de útstjit fan stikstof ferleegje en sa romte meitsje foar wenningbou. De helte minder bargen en hinnen, in kear sa folle hûzen: dat is koartsein syn rekkensom. In rekkensom dêr't je net goed fan wurde.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Sjoch nei de grutste produsinten fan stikstof yn Nederlân en de top trije bestiet út lânbou, yndustry en ferkear. Alle trije soargje se der foar dat der te folle stikstofútstjit is. Alle trije. Mar hearst D66 net oer dy oare twa: yndustry en ferkear. Se roppe net dat elkenien tenei noch mar ien auto op it hiem hawwe mei. Of dat de helte fan de fabriken ticht moat. Wêrom net?

Wêrom binne it altyd de boeren dy't as earste it bokje binne? Wêrom komt D66 net mei in plan om noch mar de helte fan alle fleantugen op Skiphol ta te litten? Dat we yn Nederlân noch mar ien kear yn de fiif jier fleane meie. Gjin gedoch mear mei wintersportfakânsjes, simmerfakânsjes en wykeintsjes fuort. Nee, gewoan thúsbliuwe.

Wêrom komt D66 net mei it plan om de helte fan al dy grauwe fersmoargjende fabriken te sluten? Of yn de haven fan Rotterdam noch mar de helte fan alle kontenerskippen te laden en te lossen? Wêrom net de helte minder auto's en frachtweinen dat alle dagen op paad mei?

It antwurd is jild. Us ekonomy moat trochgean. Alles draait úteinlik om jild. Wy keapje guod út de hiele wrâld, dat mei grutte konteners nei Nederlân sleept wurdt. Wy wolle de hiele wrâld sjen en fleane nei de Noardpoal en Antarctica om mei eigen eagen te sjen hoe't it iis dêr smelt. Dêr twitterje we oer en gûle we om. Mar mei dy reis soargje we der tagelyk sels foar dat it teien fan it iis noch krekt efkes wat rapper giet.

Elke heale minút giet der by Skiphol in fleantúch de loft yn. Ien sa'n fleantúch stjit like folle saneamde 'fijnstof' út as in miljoen frachtweinen. Mar moast se dêr yn Den Haach ris hearre ast it plan foarleist om noch mar de helte fan it tal flechten fan Skiphol ta te litten. "Dat kin net, want dan giet ús ekonomy der oan!" Mar dat se boeren mei dizze 'halvearringsregel' de nekke om draaie, dat is blykber net sa slim.

Lânbou, yndustry en ferkear: úteinlik is der mar ien oarsaak fan it hiele stikstofprobleem. De minsk. Wy sels. Wy mei ús allen. Dus it allerallerbêste foarstel soe wêze om ús hiele Nederlânske befolking te halvearjen. Fan no ôf noch mar ien bern krije, lykas yn Sina. Mar dêr doart sels Tjeerd de Groot him net oan te weagjen. Want oan ús bern meist sels as politikus net komme. No ja, oan ien dan.

Want lokkigernôch is der altyd noch 'het kind van de rekening': ús Nederlânske boeren. Dy jouwe wy krekt sa lang de skuld oant se útmolken binne. Letterlik en figuerlik."

(advertinsje)
(advertinsje)