"Rederij MSC wol dizze wike de skeaclaims betelje"

16 sep 2019 - 07:36

Rederij MSC, fan it kontenerskip de MSC Zoe, hat tasein dat dizze wike de útsteande skeaclaims betelle wurde. Dat meldt de NOS op basis fan berjochten fan Rykswettersteat.

Foto: Haveriekommando

Rykswettersteat docht de ûnderhannelingen mei MSC oer de betelling fan de skeaclaims. Sy wol lykwols neat kwyt oer de betingsten dy't de reder hat by it útbeteljen. "Deze voorwaarden gaan we bespreken met de organisaties die wij vertegenwoordigen bij de onderhandelingen. Maar vooralsnog gaan we uit van een betaling, maar lopen niet op de zaken vooruit."

MSC hat oant no ta noch mar in part fan de skea betelle. Rykswettersteat hat de reder dêrom sommearre om it oare part ek te beteljen, benammen de deklaraasjes fan de Waadgemeenten. It totaalbedrach oan deklaraasjes leit op dit stuit op hast 3,5 miljoen euro. Dêrfan is sân ton claimd troch de eilângemeentes en natuerorganisaasjes.

Trefwurden: 
skeaclaim MSC kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)