Wrâldwide gearwurking nedich om sâlter wurden fan lânbougrûn op te lossen

Der moat folle mear ynternasjonale gearwurking komme om it probleem fan sâlter wurdende lânbougrûn op te lossen. Dat is ien fan de konklúzjes nei it ynternasjonale kongres oer dit probleem, by hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Mear as 200 spesjalisten út de hiele wrâld diene oan it kongres mei.
Maer gearwurking nedich om fersâlting lânbougrûn op te lossen
Ynternasjonaal sjoen is der grutte fraach nei help en ekspertize út Nederlân. En dêr lizze ek kânsen foar Fryslân seit Douwe van Noordenburg, organisator fan it kongres. Hy tinkt dan net oan it kweken en eksportearjen fan produkten dy't op sâlte grûn kweekt wurde, mar oan de eksport fan de kunde dy't hjir opdien wurdt yn it ûndersyk nei it kweken op sâlte grûn.

Dútsk foarbyld

De lêste beide dagen fan it kongres stiene yn it teken fan ekskurzjes nei plakken dêr't dat soarte ûndersyk dien wurdt. Ien fan dy plakken is it Dútske Emden, dêr't by de stichting Ökowerk op sân bunder grûn op it fjild en yn kassen besocht wurdt om gewaaksen op sâlte grûn te telen. De direkteur fan Ökowerk, Detlef Stang, seit dat it hjir net giet om wittenskip mar benammen om praktyske tapassingen, dêr't boeren wat oan hawwe, en wêrmei't se jild fertsjinje kinne. Ekonomy en ekology moatte hân yn hân gean fynt hy.

Need yn Australië

Neffens Edward Barett-Lennard fan de Murdoch University yn Australië is de need op grutte plakken yn de wrâld heech. Ek yn syn eigen lân binne miljoenen bunders lânbougrûn sa goed as ferlern gien, neidat grutte stikken bosk kapt binne en it sâlte wetter frij spul krige.
Organisator fan it kongres Douwe van Noordenburg © Omrop Fryslan
Boeren dy't it Australyske lân brûke besykje de skea dêr te beheinen troch feefoer te ferbouwen, mar dat stiet noch mar yn de berneskuon. Barett-Lennard makket him benammen soargen oer it sâlter wurden fan de grûn yn lannen mei in fruchtbere delta dêr't hûnderten miljoenen minsken fan ôfhinklik binne, sa as bygelyks yn Bangladesh, Fjetnam en Yndia. Hy fynt dat der noch lang net genôch dien wurdt om dizze problemen op te lossen. It Ljouwerter kongres wie pas it twadde yn de lêste fiif jier seit hy. En dat is fiersten te min.

Wrâldwide driging

Dat it probleem grut is waard by de besite oan Emden wol dúdlik. Fertsjintwurdigers fan universiteiten en oerheden út ûnder oaren Irak, Iran, Egypte, Australië, Bangladesh, Yndia en Amearika fertelden dêr dat grutte parten fan harren lânbougrûnen ferlern driigje te gean troch sâlt wetter en drûchte. Dat is tige bedriigjend foar de takomst fan de lânbousektor en de produksje fan genôch iten foar de ynwenners.
In asperzjefjild © Shutterstock.com