Liesette Bruinsma swimt yn rekôrtiid nei tredde gouden medalje

15 sep 2019 - 21:41

Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat sneintejûn har tredde gouden medalje wûn op it WK yn Londen. Op de 400 meter frije slach sette se in tiid del fan 5.02,19. Dat wie net allinnich in persoanlik rekôr, mar ek in wrâldrekôr. Har âlde rekôr stie op 5.04,74.

It hat in suksesfol wrâldkampioenskip west foar Bruinsma. Se helle earder al goud op de 200 meter wikselslach, dêr't se in nij wrâldrekôr swom, en pakte sulver op de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalslach. Ofrûne freed wie se de bêste op de 100 meter frije slach.

Snein wie de lêste dei fan it wrâldkampioenskip yn Londen. De Nederlânske swimploech kin tefreden werom sjen op it WK: yn totaal behellen se 21 medaljes.

(advertinsje)
(advertinsje)