Poalen te sterk foar Oranje-follyballers mei Van Solkema

De Nederlânske follyballers, mei de Snitser Gijs van Solkema, hawwe op it EK foar it earst ferlern. Yn in fol Ahoy yn Rotterdam wie Poalen te sterk. It waard 3-0 (25-19, 25-18, 25-19).
Gijs van Solkema (midden) by de wedstriid tsjin Poalen © OrangePictures
De Poalen binne nûmer fjouwer fan de wrâld en namen in soad fans mei nei Ahoy. De fjouwer bêste lannen út eltse pûl pleatse harren foar de achtste finales fan it EK. Nederlân stiet no twadde yn de pûl.