Alfde edysje SUP 11 City Tour wie in swieren ien

15 sep 2019 - 19:06

De alfde edysje fan de sup-Alvestêdetocht wie swier, mar hy is goed ferrûn. Dat seit organisator Ritske Merkus. De tocht kaam snein nei fiif dagen ta in ein yn de Prinsetún. Foaral op de earste en de lêste dei waaide it hurd. Mar persoanlike ûngemakken binne der net bard.

Bruno Hasulyo - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Stand Up Paddling is in sport wêrby'tst rjochtop op in surfplank stiest en foarút komst troch te peddeljen. Dielnimmers dy't meidiene oan de saneamde non-stopfariant hiene maksimaal 38 oeren om de folsleine tocht fan 200 kilometer ôf te lizzen. De twadde fariant duorre fiif dagen.

Krekt as de ôfrûne twa jier wie Bruno Hasulyo út Hongarije de fluchste fan alle dielnimmers by de manlju. Hasulyo libbet folslein fan it suppen en reizget sa de hiele wrâld oer. Hy neamt it evenemint yn Fryslân unyk en perfekt organisearre. Oare dielnimmers út binnen- en bûtenlân fine dat ek.

De bruorren Tjibbe en Eelke Boers út Amsterdam en Utrecht diene foar it earst mei en hellen mei harren tocht jild op foar de Hartstichting. Troch de hurde wyn op de earste en de lêste dei fûnen se it wol in swiere tocht. Oft se noch in kear mei dogge witte se noch net.

Ienfâldigens fan it libben

Tineke Merkus-Glashouwer geniete ûnder de tocht foaral fan de natuer en it ienfâldigens fan it libben as je oan it suppen binne. "Je binne dan mei neat oars dwaande as mei peddeljen", fertelt se.

Rekôr

Tiisdei 10 septimber waard besocht in rekôr del te setten: de measte peddelers tagelyk op it wetter. Foar it rekôr woe de organisaasje 1.111 suppers tagelyk in rûte ôflizze litte. Safolle wiene it der lykwols net. It âlde Russyske rekôr fan 844 peddelers is dêrmei net ferbrutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)