Mear provinsjaal jild nedich foar greidefûgelbehear

15 sep 2019 - 18:27

It provinsjale budzjet foar greidefûgelbehear moat omheech, fynt foarsitter Sjoerd Bokma fan agraryske en partikuliere natuerferiening Bosk en Greide. De klam dy't de provinsje op greidefûgels leit, rjochtfeardiget dat.

Wethâlder Roel de Jong fan De Fryske Marren slút de oanlis fan it natuergebiet offisjeel ôf - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Bokma sei dat sneontemiddei doe't de oanlis fan it partikuliere natuergebiet Aldegea yn Rûgehuzen ôfsletten waard. Dêrfoar waard in saneamde greidemole yn it wurk setten troch wethâlder Roel de Jong fan gemeente De Fryske Marren.

It gebiet is safolle mooglik wer yn de âlde steat werombrocht, mei krûderike greiden en genôch wetter. Ien en oar makket diel út fan de ekologyske haadstruktuer dy't natuergebieten mei elkoar ferbynt; in projekt dat oars as yn oare gebieten yn Gaasterlân troch de boeren en lâneigeners sels útfierd is.

Eigener en partikulier natuerbehearder Ruud Oudega - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Dit lanlike netwurk sette hjir útein en de boeren fûnen dat sy der fiersten te min by belutsen waarden. As in eksperimint krigen sy de romte om it sels te dwaan en dêrfoar waard de feriening Bosk en Greide oprjochten. Dit natuergebiet wie it lêste ûnderdiel fan dat eksperimint. De feriening is fansels noch hieltiten aktyf yn it behear fan de natuer en it lânskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)