Motoragint fljocht út 'e bocht by Reduzum

15 sep 2019 - 18:09

Op de Ienswei by Reduzum is sneintemiddei in agint fan syn motor fallen nei't er út de bocht fleach. By de fal rekke er in ferkearsboerd, dat troch de klap ombûgd waard.

Foto: AS Media

Neffens in wurdfierder fan de plysje rekke de agint net ferwûne by syn fal. De Verkeersongevallenanalyse (VOA) sil ûndersyk dwaan nei it foarfal. De dyk hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
plysje Reduzum motor agint Ienswei
(advertinsje)
(advertinsje)