Kuorballers LDODK pakke winst tsjin AW/DTV

15 sep 2019 - 18:02

Kuorbalploech LDODK hat sneintemiddei in oerwinning pakt op it Amsterdamske AW/DTV. Op sportpark De Drieburg yn de Nederlânske haadstêd waard it 22-18.

LDODK wint fan AW/DTV (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

LDODK stiet dêrmei op it tredde plak yn de EKA-pûl. Sneon 21 septimber komt de ploech wer yn aksje. Dan nimme se it yn eigen hûs op tsjin PKC út Papendrecht.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK EKA
(Advertinsje)
(Advertinsje)