Hasto in stikelbaarch sjoen? Jou it troch!

Ofrûne wykein stie yn it ramt fan in lyts stikelich bistke: de stikelbaarch. De Zoogdiervereniging en de Egelwerkgroep roppe minsken dy't in stikelbaarch yn 'e tún of yn 'e buert sjoen hawwe, dat troch te jaan.
Stikelbaarch wykein
Dizze waarnimmings drage by oan ûndersyk nei de bistkes yn Nederlân. Dit jier is ekstra spesjaal: 2019 is nammentlik it jier fan de stikelbaarch én it is alwer de tsiende edysje fan it Stikelbargewykein.
Yn dat wykein giet it om alle stikelbargen dy't yn 2019 sjoen binne. Dat meie ek stikelbargen wêze dy't earder dit jier al waarnommen binne. De lokaasje makket net út. En sawol de libbene as deade eksimplaren wurde meinaam mei yn 'e telling.
It melden fan stikelbargen yn 'e tún kin hjir. Stikelbargen op oare lokaasjes kinne hjir trochjûn wurde.