Van der Bos en dy winne Aldehoupartij by manlju

15 sep 2019 - 17:10

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Hyltje Bosma en Laas Pieter van Straten hat de Aldehoupartij op it terrein fan LKC Sonnenborgh yn Ljouwert mei 5-3 en 6-2 wûn. De manlju lieten dêrby Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Thomas van Zuiden achter harren.

It winnende partoer fan Van der Bos, Bosma en Van Straten - Foto: Henk Bootsma

Taeke Triemstra waard mei Enno Kingma en Pieter Jan Leijenaar tredde.

It gie om de lêste haadklassepartij fan dit jier. Van der Bos koe it keatsseizoen dan ek op moaie wize ôfslute. Hy waard beneamd ta kening fan de Aldehoupartij. Tjisse Steenstra waard beneamd as winner fan it jierklassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)