Partoer Ilse Tuinenga wint Aldehoupartij

15 sep 2019 - 16:57

It partoer fan Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Louise Krol hat by de froulju de Aldehoupartij 2019 wûn. It trijetal wûn mei 5-1 en 6-4 fan Anne Berber Zeinstra, Lotte Delgrosso en Manon Scheepstra.

It winnende partoer fan Tuinenga, Van der Leest en Krol - Foto: Henk Bootsma

De lêste keatspartij fan it jier waard spile op de Sonnenborgh yn Ljouwert. De tredde priis gie nei Tineke Dijkstra, Jeska Terpstra en Harmke Siegersma.

Manon Scheepstra waard nei ôfrin beneamd ta winnares fan it jierklassemint, lykas Tjisse Steenstra by de manlju.

It wie de allerlêste wedstriid foar Van der Leest, want se hâldt op mei it keatsen. Van der Leest hat yn har keatskarriêre ûnder oare trije kear de PC wûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)