500 kilo oan MSC-guod opfiske by dûkekspedysje yn Noardsee

15 sep 2019 - 16:20

Stichting Duik de Noordzee Schoon hat 2.500 kilo ôffal út de Noardsee burgen. Dêrfan is neffens de stichting 500 kilo ôfkomstich fan konteners dy't it skip MSC Zoe begjin dit jier kwytrekke. De stichting organisearre in dûkekspedysje fan njoggen dagen om de Noardseeboaiem skjin te meitsjen. Dy sette yn Scheveningen útein en einige op it Dútske Waadeilân Borkum.

Foto: Duik de Noordzee Schoon

Klean, reiskoffers, flierkleden, boartersguod en auto-ûnderdielen. Dûkers troffen fan alles oan dat dúdlik net yn de see thúsheart. Dat skriuwt stichting Duik de Noordzee Schoon op har webside. Der waard benammen dûkt by âlde wrakken. Ien spesifyk type bernejas waard op fjouwer ferskillende wrakken oantroffen en ek op it spesjale oesterrif.

Ek waard der 2.000 kilo oan âlde fisknetten oantroffen. Dizze binne gefaarlik foar fisken en oare bisten dy't der yn betize reitsje kinne.

Spûknetten

De ekspedysje waard yn 2011 opsetten om spûknetten fan wrakken fuort te heljen. By fjirtjin ekspedysjes binne yn totaal 6.700 dûken op 160 wrakken makke. Dêrby is 60.000 kilo oan spûknetten en lead fan wrakken helle.

It ekspedysjeteam bestiet út maryn biologen, amateur-archeologen, ekologen, fotografen, filmers en supportdûkers. It dûkwurk kin allinnich dien wurde troch betûfte dûkers, fanwege de drege omstannichheden: djipten fan 25 oant 40 meter yn kâld, streamend wetter mei wikseljend sicht.

It team wurket gear mei ûndersyksburo's, it bedriuwslibben, universiteiten en de oerheid.

(advertinsje)
(advertinsje)