Fermiste Urker frou yn goede sûnens weromfûn

15 sep 2019 - 15:33

De 29-jierrige Alinda ten Napel fan Urk, dy't sûnt tongersdei fermist waard yn Fryslân, is terjochte. Dat hat in famyljelid befêstige.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Tongersdei hie de frou foar it lêst kontakt hân mei har famylje. Se skreau yn har lêste berjocht dat se yn in bosk by De Jouwer wie. Neffens famylje wie se op dat stuit yn betize tastân.

Mei help fan it Coördinatie Platform Vermissing (CPV) waard der in sykaksje op tou setten. Yn lytse groepkes waarden de plakken dêr't Alinda west kind hie delgien.

Lâns de dyk

Teun Hakvoort fan it CPV hat tsjin it Algemeen Dagblad befêstige dat Alinda sneintemiddei weromfûn is. Wêr krekt koe hy noch net sizze. "Maar in goede gezondheid en ergens langs de weg." Neffens Alinda har nichtsje wurdt se op dit stuit meinaam nei Urk. "Daar moeten we in gesprek gaan over eventuele hulp", lit sy yn in earste reaksje witte.

Freon

Alinda waard tegearre mei har freon Ricardo oantroffen. Famylje fan Alinda hie fan him likegoed al in skoft neat mear heard. It fermoeden bestie dat de twa by elkoar wiene yn de perioade dat Alinda fermist wie.

Trefwurden: 
De Jouwer fermissing Urk
(Advertinsje)
(Advertinsje)