Agraryske Jongeren Fryslân ferwyt D66 koartetermynpolityk

15 sep 2019 - 15:18

"Wat D66 no docht, mei it plan om de boeren opdraaie te litten foar in flater yn de wet, dat kloppet net. Boppedat is it koartetermynpolityk!" Eke Folkerts, foarsitter fan de Argraryske Jongeren Fryslân (AJF), sei dit yn it Nijsfoarum fan it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries. Se reagearret dêrmei op it plan fan D66 om fanwege de stikstofkrisis de yntinsive feehâlderij (hinnen en bargen) mei de helte werom te bringen.

Romke de Jong en Eke Folkerts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It probleem wurdt no by de sektor lein, wylst dy him gewoan oan de regels holden hat. De wet sjit tekoart, net de boeren", ferfolget Folkerts. Fraksjefoarsitter Romke de Jong wiisde derop dat we yn dit lân net mear alles tagelyk dwaan kinne.

"De stikstofproblematyk makket dat nochris skerp dúdlik. De oplossing moat benammen socht wurde op it plak dêr't no de measte útstjit sit en dat is de yntinsive feehâlderij. Wy wolle ta op in 'kringlooplandbouw' dêr't de boer in earlike priis foar syn produkt krijt, sûnder útputting fan de ierde."

Koartetermynpolityk

Neffens Folkerts is it koartetermynpolityk om no mei dit soarte maatregels boeren fuort te jeien, wylst je se dan letter wer nedich ha foar dy 'kringlooplandbouw'.

Yn it Nijsfoarum prate snein ek Jenny Douwes mei oer dizze kwestje, mar ek oer in kwotum foar froulju yn topfunksjes, it salafisme en de frijheid fan ûnderwiis en de funksje fan referinda yn de polityk.

Beharkje hjir it petear mei Eke Folkerts

(advertinsje)
(advertinsje)