Urker frou sûnt tongersdei fermist yn Fryslân

15 sep 2019 - 11:54

In 29-jierrige frou fan Urk wurdt sûnt tongersdei fermist yn Fryslân. It giet om Alinda ten Napel. De frou skreau yn har lêste berjocht dat se de famylje stjoerde dat se yn in bosk by De Jouwer wie.

Foto: Matthea ten Napel Facebook

De famylje fan de frou hat in oprop dien op Facebook om har werom te finen. Neffens it Algemeen Dagblad stjoerde Alinda tongersdei nei har famylje in berjocht dat se by De Jouwer wie. "Ze zei dat ze verward was", seit har nicht Neeltje Romkes tsjin it lanlike deiblêd. "Ze zei dat ze een klein beetje drugs had gebruikt. Ze stuurde wel vaker gekke dingen, maar dit klopt niet."

Der soe in sykaksje op tou set wêze mei help fan it Coördinatie Platform Vermissing. Oant no ta noch sûnder resultaat. Der wurdt snein ûnder oare socht yn it bosk by De Jouwer.

Trefwurden: 
De Jouwer fermissing Urk
(advertinsje)
(advertinsje)