Auto fljocht yn de brân nei ûngelok: grutte fjoersee, bestjoerder net ferwûne

15 sep 2019 - 11:26

Yn de Weperpolder by Easterwâlde is yn de nacht fan sneon op snein in auto yn de brân flein nei in iensidich ûngelok. It ûngelok barde by de grins mei de provinsje Drinte.

Foto: Van Oost Media

De bestjoerder hat mooglik yn in flauwe bocht de macht oer it stjoer ferlern. De auto botste op in beam, bedarre dêrnei wer op de dyk en fleach yn 'e brân. De bestjoerder koe sels út de auto weikomme en is net ferwûne rekke by it foarfal. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
ûngelok Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)