Op de elektryske fyts nei de grêven fan Buma

Goed trijetûzen minsken hawwe sneon yn de gemeente Ljouwert meidien oan 'e doarpetocht fan de Iepen Monumintedei. De gemeente hie spesjaal omtinken foar de doarpen. Sa wie der in rûte útset tusken Mantgum, Weidum, Jorwert en Bears.
© Omrop Fryslân
Boargemaster Buma iepene de Ljouwerter monumintedei. Hy brûkte de gelegenheid ek om yn de kunde te kommen mei de doarpsbewenners. Benammen it hôf fan de famylje fan boargemaster Buma wie populêr. Sawat achthûndert besikers woene dat wolris mei eigen eagen sjen.

Elektryske fyts

In soad besikers kamen op de elektryske fyts. Fierders waard ek in soad gebrûk makke fan de bus dy't tusken de fjouwer doarpen ried en fan it boattochtsje tusken Bears en Jorwert.

Skiednis fan it eigen gea yn de klasse

Wat fierder opfoel wie dat der mear bern op de lappen wiene op dizze Iepen Monumintedei. Dat komt ek omdat de wurkgroep Iepen Monumintedei in spesjale dei op de basisskoallen yn de doarpen hâlden hie om de bern nijsgjirrich te meitsjen nei de skiednis fan de eigen kontreien.

Snein ek noch

Snein is it ek noch Iepen Monumintedei yn Fryslân, ûnder oare yn de Stellingwerven en de gemeente Súdwest-Fryslân.
De monuminten yn de doarpen by Ljowert dy't sneon iepen wiene, binne snein net mear te besjen. Wol jout Theo Jellema sneintemiddei om trije oere in orgelkonsert yn de tsjerke fan Jorwert.
Kopke út it Arabyske skip Tang, sonken yn 1830 © Omrop Fryslân
Belangstellenden kinne snein yn de stêd Ljouwert noch wol op ferskate adressen gebouwen besjen. It Eysingahûs, it Lânboumuseum, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en keramykmuseum It Princessehof binne fergees tagonklik. Dêr is de eksposysje Gezonken Schatten mei diggelguod út sonken skippen útstald.