Wurk oan Greunsbrêge yn Ljouwert, fertragingen foar treinpassazjiers

15 sep 2019 - 09:56

Treinpassazjiers moatte dit wykein rekken hâlde mei fertragingen tusken Ljouwert en Grins. Dat hat te krijen mei wurk oan de Greunsbrêge yn Ljouwert.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der wurde bussen ynset tusken Ljouwert en Bûtenpost. Fierders is de tsjinstregeling tusken Bûtenpost en Grins oanpast. De ekstra reistiid is in kertier oant in heal oere.

(advertinsje)
(advertinsje)