Brân yn Muntsjesyl is nei twa dagen út
De brân yn in strieloads yn Muntsjesyl is nei twa dagen no dochs út. De brânwacht hat it NL-alert dat útstjoerd wie, sneintemoarn wer ynlutsen.
De brân begûn freedtemoarn en soarge foar in soad wurk foar de brânwacht, om't it strie lang neibrânde. De striebalen moasten mei shovels útinoar lutsen wurde om it fjoer te bestriden.