Follybalfroulju winne alwer op wrâldbeker Japan, no fan Kenia

15 sep 2019 - 09:04

De Nederlânske follybalfroulju mei Marrit Jasper fan Snits hawwe de twadde wedstriid om de wrâldbeker yn Japan ek wûn.

Marrit Jasper yn in eardere wedstriid - Foto: ANP

Yn Hamamatsu sette it team fan bûnscoach Jamie Morrison Kenia mei 3-0 oan de kant. De setstannen wiene 25-12 25-19 25-17.

In dei earder wûn Oranje ek al fan Argentinië. De Nederlânske froulju moatte no tsjin Brazilië.

It toernoai om de wrâldbeker is ien kear yn de fjouwer jier. Njonken it organisearjende lân, Japan, en de wrâldkampioen, Servië yn dit gefal, dogge de twa bêste lannen fan elk kontinint mei. Oranje is der foar de twadde kear by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)