Grutte útstalling oer Waling Dykstra yn Ljouwert

Hy wie ien fan de wichtichste grûnlizzers fan de Fryske taal en literatuer en oer him is fan takom wike sneon ôf in útstalling te sjen yn Ljouwert: Waling Dykstra. Tresoar hat de eksposysje yn it gebou foar literatuer, keunst en taal Obe opset, yn gearwurking mei gastkuratoaren.
Waling Dykstra © ûnbekend
Oant en mei desimber wurde om de tentoanstelling hinne ferskate aktiviteiten organisearre mei dichters, muzikanten en keunstners. Sa is der in spoken word-festival en wurdt der in boek oanbean mei in kar út Waling Dykstra syn wurk, mei ynliedingen fan Abe de Vries en Goffe Jensma. De offisjele iepening fan de eksposysje is op freed 20 septimber.

Frysk wurdboek

Waling Dykstra libbe fan 1821 oant 1914. Hy wie bakker yn Spannum, boekbiner yn Frjentsjer en boekferkeaper yn Holwert. Sawat 75 jier lang hat er as autodidakt de Friezen leard om harren eigen taal te lêzen en te skriuwen. Hy die de einredaksje fan in Frysk wurdboek dat tusken 1898 en 1911 yn fjouwer dielen útkaam.

Folksferhalen

Fierders skreau er folksferhalen (Uit Frieslands Volksleven), dêr't er him foar ynspirearje liet troch de bruorren Joast en Eeltsje Halbertsma fan Grou. Hy is ek bekend fan de winterjûnenochten dêr't er de provinsje mei troch gie.
Waling Dykstra ferstoar flak foar it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch yn de âldens fan 92 jier.