Jansen: "We hadden het vanavond echt beter kunnen doen, dat gevoel overheerst"

14 sep 2019 - 22:09

SC Hearrenfean ferlear sneontejûn yn Amsterdam mei 4-1 fan Ajax. De stân by it skoft wie 2-1. De Feansters fuotballen yn de earste helte goed mei, mar úteinlik wie Ajax de bettere ploech. De fideoskiedsrjochter karde yn de earste helte noch in doelpunt fan Jens Odgaard fan Hearrenfean ôf, mar dêr wie net eltsenien it oer iens.

De trainer fan SC Hearrenfean, Johnny Jansen, hie yn de earste helte ek sjoen dat syn ploech goed meifuotballe mei Ajax. "Genieten is een groot woord, maar ik heb naar ons spel gekeken en ik dacht, verdomd, we worden stap voor stap beter." Hearrenfean krige gjin beleanning foar it goede spul yn de earste helte, en dat is spitich sa fynt ek Jansen. "Ik ben een perfectionist, en ik wil beter. We laten gewoon een aantal momenten liggen waarop we ze écht pijn kunnen doen. En dat gevoel overheerst vanavond, dat we het echt beter hadden kunnen doen."

Jansen baalt fan VAR

It is neffens de trainer dúdlik wêr't it jûn misgie. "Uiteindelijk liepen we teveel achteruit, en daar baal ik van. De 2-1 valt op een rotmoment, maar dan moet je de rug rechten en je moet weer door. Dat hebben we de tweede helft niet goed genoeg gedaan. Ajax is dan zo goed aan de bal, dan moet je er constant achteraan. Dat betekent dat je continu onder druk staat, en dat kost zoveel kracht."

Hearrenfean tocht yn de earste helte de 2-1 te meitsjen, mar de treffer fan Jens Odgaard waard, op advys fan de fideoskiedsrjochter, ôfkard om't Lucas Woudenberg in oertrêding makke hie. Jansen wie it dêr net mei iens. "Ik vind het heel licht. Maar de scheidsrechter beslist, ze zullen daar gelijk in hebben. Hij geeft hem, daar baal ik van en dan houdt het op. Je kan er lang en breed over praten, maar hij heeft gefloten. Klaar."

Joey Veerman makke syn debút yn de basis by SC Hearrenfean. De Volendammer makke dêrby yndruk, benammen yn de earste helte. "Ik denk dat het niet onaardig ging. We hebben met z'n allen aardig gevoetbald de eerste helft. Wij waren denk ik de gevaarlijkste in de counter, maar of we echt beter waren durf ik niet te zeggen."

De middenfjilder, dy't oerkaam fan FC Volendam, wie tefreden oer syn eigen spul. "Ik ben één keer een half uur ingevallen en heb nu één wedstrijd tegen Ajax gespeeld, maar ik denk dat ik aardig mee kan op dit niveau. Je voelt zelf ook wel dat het lekker gaat. Het is voor het eerst dat ik zo'n groot stadion speel, eindelijk in de eredivisie, maar deze nederlaag had niet gehoeven vandaag. Al maken ze wel twee mooie goals in de tweede helft."

Erik ten Hag fynt oerwinning terjochte

De trainer fan Ajax, Erik ten Hag, fûn dat syn ploech benammen de twadde helte de bettere wie. "We lieten defensief een aantal steken vallen in de eerste helft. Heerenveen deed dat goed, en daar anticipeerden we niet goed op. Dat hebben we in de rust kunnen herstellen en dan zie je dat wij in de tweede helft heer en meester zijn en de wedstrijd totaal domineren. Het had ook 5-1 of 6-1 kunnen worden op een gegeven moment."

(Advertinsje)
(Advertinsje)