Frou ferwûne nei auto-ûngelok op A7 by Terwispel

14 sep 2019 - 21:35

Op de krusing boppe de ôfrit fan de A7 by Terwispel is sneontejûn in ûngelok bard. Twa auto's kamen hurd mei inoar yn botsing.

Foto: De Vries Media

Yn ien fan de auto's rekke in frou ferwûne. Sy moast mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.

De dyk wie troch it ûngelok tydlik ticht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Terwispel
(advertinsje)
(advertinsje)