"Kwa medaljes bin ik tefreden, mar sa no en dan wol ik noch hurder swimme"

14 sep 2019 - 21:06

Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels is dizze wike aktyf op it WK yn Londen. En dat giet bêst aardich, sjoen de twa gouden en twa sulveren medaljes dy't Bruinsma yn it wetter al ferovere hat. "Net elke race giet sa't ik wol, mar kwa medaljes giet it goed", sa seit Bruinsma.

Foto: ANP

Bruinsma pakte yn Londen al sulver op de 50 meter frije slach en de 100 meter skoalleslach. Dêrnei kaam der twa kear goud. De earste op de 200 meter wikselslach dy't se wûn yn in nije wrâldrekôr. Freed waard se ek wrâldkampioen op de 100 meter frije slach.

De swimster, dy't troch in eachsykte blyn is, is bliid mei de medaljes, mar wit ek dat se noch better kin. "Ik wol sa no en dan noch hurder swimme, mar it binne wol wedstriden dêr't ik wer fan leare kin."

Bruinsma wol rjochter swimme

Ien fan de punten dêr't Bruinsma oan wurkje wol is it rjocht swimmen. "Ik kin noch rjochter swimme, bygelyks by de wikselslach. Elke kear wikselje fan slach, dat is lestich foar my. Benammen by de rêchslach fyn ik dat muoilik." Minsken thús tinke miskien dat swimme sûnder sicht hiel dreech is, mar Bruinsma laket dat it just simpel is. "Asto tsjin de line oan swimst, dan giest net mear rjocht. Sa simpel is it."

Harkje nei it ynterview mei Liesette Bruinsma

Foar Bruinsma stiet der snein noch ien ôfstân op it programma, de 400 meter frije slach. In ôfstân dêr't Bruinsma it wrâldrekôr yn besit hat. "Ik ha hjir de lêste moannen foar oan it trainen west. Yn it stadion, dat foar de Spelen fan 2012 boud is, is de sfear hiel cool, mei ferskate skoalbern dy't elkenien oanmoedigje. Ik gean derfoar, en dan moatte we mar sjen wêr't we útkomme."

(advertinsje)
(advertinsje)