Auto bedarret tsjin lantearnepeal op Snekertrekwei Ljouwert
Op de Snekertrekwei yn Ljouwert is sneontejûn in auto mei hege snelheid út de bocht flein. De auto botste dêrnei tsjin in lampepeal.
De fjouwer ynsitters fan de auto koene sels út de auto komme. Foar de wissichheid binne se wol neisjoen troch personiel fan in ambulânse.