Sportklup Hearrenfean kin net winne yn Amsterdam

14 sep 2019 - 20:22

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn ferlern fan Ajax. Yn Amsterdam waard it 4-1 foar de thúsploech. De Feansters fuotballen op himsels best aardich, mar hiene gjin gelok mei de fideoskiedsrjochter en it feit dat Ajax folle effisjinter wie.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ajax begûn it duel as de grutte favoryt en dat wie te fernimmen. De Amsterdammers krigen yn de earste minuten in pear goede kânsen. Benammen âld-Hearrenfeanspiler Klaas-Jan Huntelaar kaam gefaarlik foar keeper Warner Hahn. Nei in lyts kertier mocht Huntelaar in frije traap nimme, dy't fia de rêch fan Dusan Tadic achter Hahn bedarre.

De goal soarge derfoar dat Hearrenfean better yn de wedstriid kaam. Healwei de earste helte kaam Mitchell van Bergen goed troch oan de rjochterkant, spile de bal op Jens Odgaard en de Deenske spits makke der knap 1-1 fan. Tsien minuten letter prikke Odgaard sels de bal binnen foar de 2-1, mar dêr tocht de fideoskiedsrjochter oars oer. Neffens de VAR hie Lucas Woudenberg in oertrêding makke yn de oanrin nei it doelpunt.

Hearrenfean moast efkes bekomme fan dizze teloarstelling, en it wie Ajacied Nicolas Tagliafico dy't seach hoe't Hearrenfean-keeper Hahn syn skot noch mar krekt tsjinhâlde koe. It like derop dat de stân 1-1 wêze soe by it skoft, mar dat wie bûten Tagliafico rekkene. De Argentijn kopte yn de ekstra tiid raak út in hoekskop fan Promes.

Ajax makket it ferskil

Oan it begjin fan de twadde helte wie it ek al gau 3-1 foar Ajax. It wie dizze kear in oare ferdigener, Perr Schuurs, dy't nei in hoekskop skoare koe. Noch foar't trainer Johnny Jansen de Feansters taktysk oars delsette koe, wie it ek 4-1 foar de thúsploech. Linksback Tagliafico makke syn twadde, en dêrmei wie alle hoop op in goede útslach wol fuort foar Hearrenfean.

Alen Halilovic makke in heal oere foar tiid syn debút foar de Feansters, mar in doelpunt siet der net yn foar de Kroätyske middenfjilder. Oan de oare kant fan it fjild wiene Ziyech en ynfaller David Neres noch tichteby de 5-1.

Ajax - SC Hearrenfean 4-1 (1-1) 14. Dusan Tadic 0-1, 22. Jens Odgaard 1-1, 45. Nicolas Tagliafico 2-1. 52. Perr Schuurs 3-1, 58. Nicolas Tagliafico 4-1.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Veerman (84/Bruijn), Faik, Kongolo, Ejuke (65/Halilovic), Odgaard (65/Dreyer), Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)