Jorik van Egdom wint crosstriatlon op It Amelân

14 sep 2019 - 19:33

De Xterra crosstriatlon by de manlju op It Amelân is sneon wûn troch Jorik van Egdom út Veenendaal yn in tiid fan 2.27.29. Dermei bleaun de Nederlanner de Belch Geert Lauryssen 20 sekonden foar. Tredde waard de Frânsman Francois Carloni.

Hurdrinne - Foto: Shutterstock.com

By de froulju wie Kate Bramley fan Australië de winner mei in tiid fan 2.53.11. Linda van Vliet út Nijmegen kaam twa minuten letter oer de einstreek en einige op in twadde plak. As tredde kaam de Ingelske Nicole Walters binnen.

De Xterra crosstriatlon waard foar it earst yn 15 jier wer op It Amelân hâlden. By de elite swimme de dielnimmers 1500 meter, sitte se 37 kilometer op de mountainbike en drave se 10 kilometer. Der diene yn totaal 1050 dielnimmers mei 20 ferskillende nasjonaliteiten mei oan de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)