Sinneboaten sette rekôr del mei tocht oer Iselmar

14 sep 2019 - 18:21

De beide Solar Boat Racing teams dy't sneontemiddei besochten in oerstek oer de Iselmar te meitsjen, hawwe it helle. Dêrmei is it earste rekôr foar dizze tocht delset. De boaten diene 82 minuten oer de oertocht.

Bylden: Geert Hobma

De dielnimmers hiene yn de wyn en der wiene mear weagen as ferwachte. It enerzjyferbrûk lei dêrtroch heech, mar de akku's hâlden it noch krekt fol. Dat is neffens de organisaasje ek it doel fan de tocht: mei in lege akku oer de finish komme, want dan hawwe je alles út de boat helle.

Rekôr op weromreis noch skerper: 62 minuten

De sinneboaten moasten dêrnei sneontejûn werom nei Starum en doe hiene se foar de wyn. Dêrtroch koene se noch hurder as de 82 minuten op de hinnereis. Se hellen mar leafst 20 minuten fan it rekôr ôf. Dat stiet no op 62 minuten.

De Solar Boat fan New Nexus waard yn july ek al wrâldkampioen op de Solar & Energy Boat Challenge yn Monako.

(Advertinsje)
(Advertinsje)