Follyballer Gijs van Solkema wint mei Oranje ek twadde pûlwedstriid op EK

14 sep 2019 - 18:08

De Nederlânske follyballers ha op it Europeesk kampioenskip ek harren twadde pûlwedstriid wûn. Yn Rotterdam waard it tsjin Oekraïne 3-0 (28-26 29-27 25-21). Gijs van Solkema fan Snits spile alle trije sets mei.

Oekraïne koe yn de earste twa sets lang meikomme mei Nederlân. Sa krigen se yn de earste set twa kear in setpunt, mar dat koene se net pakke. Dêrnei wie it Nederlân dat dat wol die. Ek yn de twadde set krige Oekraïne kânsen om de set te pakken, mar wie it Nederlân dat skerper wie.

Yn de tredde set kaam Oranje net mear yn de problemen. It wie foar Nederlân de twadde winst op it EK. Snein spilet de ploech fan Van Solkema yn Rotterdam tsjin Poalen. Dat is de wrâldkampioen follybal.

Foto: www.orange-pictures.nl
(Advertinsje)
(Advertinsje)