FIDEO: De triennen fan wrâldkampioen Tristan Bangma

14 sep 2019 - 17:52

De emoasjes waarden him tefolle doe't Tristan Bangma fan Donkerbroek glânsryk oer de einstreek kaam yn Emmen by it WK Paracycling. Tegearre mei syn piloat Patrick Bos wûn hy de 111 kilometer lange koers. Bangma docht ek nochris goede saken foar pleatsing foar de Paralympyske Spelen yn Tokyo yn 2020. Ek syn bûnscoach Eelke van der Wal út Hallum is grutsk op Tristan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)