Hinke Schokker yn nije rekôrtiid nei Nederlânske titel op 100 kilometer

Hurdrinner Hinke Schokker fan Eastermar is sneon opnij Nederlânsk kampioen oer 100 kilometer wurden. Yn Winschoten pakte se de titel yn in nij Nederlânsk rekôr fan 7 oeren, 34 minuten en 3 sekonden. "In absolúte topprestaasje, ik hie nea tocht dat ik dizze tiid rinne soe op dit momint."
© De Vries Media
Ferline jier like Schokker ek al de titel op it Nederlânsk kampioenskip oer 100 kilometer te pakken, mar hie se net de goeie lisinsje. Dêrtroch koe Schokker, nettsjinsteande har oerwinning, de titel net yn ûntfangst nimme.
Foar de Nederlânsk kampioen is it draven in hobby, mar Schokker is ambisjeus. "It is wol altiid in hobby, ik doch gewoan alles wat kin kwa tiid. Mar kwa ambysjes liket it mei wol leuk om in kear wrâldkampioen te wurden."
Hinke Schokker oer har Nederlânske titel