Fryslân massaal op 'en paad foar Iepen Monumintedei

Fryslân hat sneon wer massaal op 'en paad west fanwegen de Iepen Monumintedei. Op in grut tal plakken yn de provinsje koene minsken monuminten besjen dy't meastentiids net tagonklik binne.
Iepen Monumintedei
By de gemeente Ljouwert lei it aksint dit wykein op de doarpen Mantgum, Weidum, Jorwert en Bears ûnder it motto 'weelderig wonen in de Leeuwarder Greidhoeke'. Besikers koene harren fernuverje oan deftige wenhuzen, unike tunen, buorkerijen, tsjerken, histoaryske kafees, in Amerikaanske wynmûne en oan it begraafplak fan de famylje Buma yn Deinum.

Boargemaster Buma wiist op belang doarpen

De Ljouwerter monumintedei waard sneontemoarn iepene troch boargemaster Sybrand Buma yn Mantgum. Buma wiisde yn syn taspraak op it belang fan de doarpen foar Ljouwert. Hy hopet dat de monumintedei ek foar de minsken út de stêd oanlieding foarmet om de doarpen op te sykjen.
De belangstelling foar de Iepen Monumintedei wie dit jier grut, mei troch it prachtige waar.