Holwert oan See wiis mei plan foar pier by Ferwert

14 sep 2019 - 16:45

Holwert oan See is wiis mei de opsje om de pier fan de fearboat nei It Amelân op termyn nei Ferwert te ferpleatsen. It is ien fan de opsjes dy't Rykswettersteat yn gearwurking mei de provinsje en de belutsen gemeentes betocht hat. De oare opsjes binne in tunnel ûnder it Waad troch, of it fuortsetten fan de hjoeddeistige situaasje. Troch it plan kin de natuerlike dynamyk fan it Waad weromkomme, sa tinkt de stichting dy't sels Holwert tagong jaan wol ta it wetter fan de Waadsee.

Foto: www.holwerdaanzee.nl

Op it momint dat de pier en it parkearplak by Holwert fuort helle wurde, moat der romte komme foar in jonge kwelder. Dat is goed foar waadfûgels, fisk en de ferskate briedeilannen.

In pier op peallen

Dêrby hat it gebiet neffens de minsken fan Holwert oan See by it ferpleatsen fan de pier gjin lêst mear fan de rom 600.000 fakânsjegongers dy't alle jierren nei It Amelân reizgje. Dochs is de kâns dat it ek echt bart lyts, sa skriuwt de stichting sneon yn in ferklearring. In better alternatyf soe in transysje fan de besteande pier by Holwert wêze. Dat moat in pier op peallen wurde, lykas de ferneamde Mont Saint-Michel yn Frankryk.

Yn alle gefallen is de wurkgroep fan Holwert oan See wiis mei de fyzje fan de berikberheid fan it waadeilân. Dêrmei kin de pier yn Holwert oanpakt wurde sa't sy graach wolle. Dan kin de pier fan It Amelân der ek noch wol by, sa sizze se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)