Swiere sneon foar heechste Fryske amateurfuotballers

14 sep 2019 - 16:39

De heechste Fryske amateurklups yn it amateurfuotbal hiene sneon in swiere dei. Yn de tredde difyzje wie der in punt foar Harkemase Boys (2-2 tsjin DVS'33), wylst ONS Snits yn de slotfaze de winst lizze liet tsjin VVOG en ferlear (3-2). Yn de haadklasse gie VV Bûtenpost kânsleas mei 3-0 ûnderút yn en tsjin Putten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Harkemase Boys naam it thús op tsjin DVS'33. Beide ploegen hiene noch net ferlern dizze kompetysje. Al nei acht minuten kamen de besikers op foarsprong, doe't Oktay Öztürk de romte krige om út te heljen. Ek yn de perioade dêrnei stie Harkemase Boys ûnder druk. Dochs wie de stân by it skoft 1-1, want Berwout Beimers kopte de lykmakker binnen út in foarset fan Slort.

Yn de twadde helte gie it spul op en del. Uteinlik wie it Berwout Beimers dy't de 2-1 makke. Spitigernôch foar de Boys koene se de foarsprong net fêsthâlde. Earst tocht Henny Bouius noch dat hy de 3-1 makke, mar dat die hy neffens de skiedsrjochter yn bûtenspulposysje. Fiif minuten foar tiid wie it Joshua Patrick dy't wol skoarde, hy makke de lykmakker foar DVS.

ONS Snits spile sneon út tsjin VVOG. De Snitsers wiene yn it begjin fan de wedstriid folle better as de ploech út Harderwijk. Dat smite in 1-0 foarsprong op nei in goal fan Han van Dijk.

Nei it skoft makke Oege Sietse van Lingen der 2-0 fan. ONS hie de wedstriid ûnder kontrôle, mar moast tastean hoe't Jeroen Buitenhuis VVOG werom yn de wedstriid brocht. VVOG besocht dêrnei troch te setten, mar de Snitsers koene noch stân hâlde. Dochs krigen se it deksel noch op de noas, doe't Latupeirissa en Meulens yn de lêste minuten de winst foar VVOG feilich stelden mei twa lette doelpunten.

Foar VV Bûtenpost stie yn de haadklasse in útwedstriid tsjin SDC Putten op it programma. De Blaukes kamen eins de hiele wedstriid net yn it spul foar. Sa koe de thúsploech krekt foar it skoft op in 1-0 foarsprong komme troch in doelpunt fan Wilbert Thomassen.

Yn de twadde helte rûn Putten troch goals fan Jordy van Selm en Alexander Sijtsma út nei 3-0.

(Advertinsje)
(Advertinsje)