Nederlânske turnsters winne turnynterlân op It Hearrenfean

14 sep 2019 - 15:30

De Nederlânske turnsters hawwe sneon op It Hearrenfean in ynterlân mei Hongarije, Spanje en Switserlân wûn. Under oare Lieke en Sanne Wevers sitte yn it turnteam.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Nederlânske turnsters kamen út op in puntetotaal fan 163,166 punten. Dêrmei bleau it team fan bûnscoach Gerben Wiersma Spanje (156,534) rom foar. De wedstriid is in tarieding op it WK. Hjir hopet it team har ek te pleatsen foar de Olympyske Spelen fan takom jier. Hjirfoar moatte de turnsters by de bêste tolve lannen sitte.

WK seleksje

Nei ôfrin fan de turnynterlân makke bûnscoach Wiersma syn WK-seleksje bekend. It team dat yn it Dútske Stuttgart foar Oranje útkomme sil bestiet út Lieke Wevers, Sanne Wevers, Vera van Pol, Eythora Thorsdottir, Naomi Visser, en Tisha Volleman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)