Steuring Skarsterrienbrêge oplost

14 sep 2019 - 14:56

Der hat sneon in steuring west by de Skarsterrienbrêge tusken De Jouwer en De Lemmer op de A6. Dêrtroch koe de brêge fiif oeren lang net iepen foar it skipfeartferkear.

De oanwizings foar skipferkear by de brêge - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Sjoen de trochfearthichte koene de measte skippen der noch wol del. Allinne skippen mei in mêst moasten in alternative rûte kieze, sei Rykswettersteat op Twitter. De trochfearthichte is 3,50 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)