Tristan Bangma pakt yn Emmen wrâldtitel paracycling op de dyk

Tristan Bangma (21) út Donkerbroek hat sneon op it WK paracycling yn Emmen in gouden medalje wûn. Bangma hat in fisuele beheining en fytst mei in 'piloat' Patrick Bos.
Tristan Bangma pakt yn Emmen wrâldtitel paracycling op de dyk
It parkoers dat de fytsers yn Emmen ôflizze moasten, is sawat 110 km lang. Tristan ried mei syn maat op de tandem hieltyd by de kopgroep fan fiif. Hy wûn úteinlik.
Tristan syn heit Kerst Bangma is út de skroeven. "Hjir hawwe se it hiele jier sa hurd foar wurke en dan komt no harren dream út. Plus dat se in hiel grutte stap rjochting pleatsing foar Tokyo meitsje, de Olympische Spelen fan takom jier. Fantastysk. Ik bin der echt emosjoneel fan."
"Wy stean dan wol oan de sydline, mar wy offerje al ús tiid derfoar op. Ik train sels ek in protte mei him. Se hawwe hjir in jier nei ta wurke en dan komt it der no út. Moaier kin it net."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tristan Bangma wûn earder al olympysk goud, sulver en brûns op it WK. Der is no in gouden medalje by kaam.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It momint dat Tristan as winner oer de einstreek giet