Jordan (20) makket dokumintêre oer Alde Feanen

14 sep 2019 - 12:13

Hy is noch mar 20 jier en no al dwaande mei syn twadde natuerfilm: Jordan van der Maas út Drachten. Hy hat twa jier lang filme yn De Alde Feanen en is no mei de montaazje oan de gong. De film moat op 1 novimber klear wêze en kriget as titel 'Leven in het veen'.

As lyts jonkje wie Jordan altyd al yn de natuer te finen. Syn beppe en syn heit namen him mei en hy fermakke him mei ûleballen plúzjen, spinnen, poddestuollen en planten. Dy passy foar de natuer kaam ta utering yn tekeningen, fotografearjen en al gau kaam dêr ek it filmjen by. Doe't er 17 jier wie, hie er syn earste film klear: 'Licht en Leven'. In dokumintêre fan hast in oere dêr't Jordan twaënheal jier foar filme hat yn it Keningsdjip. De film lit de seizoenen sjen en folget de bewenners: dassen, reeën, kikkerts, podden, slangen en noch folle mear. De film waard fertoand yn de Bios yn Drachten.

Jordan op paad yn de Alde Feanen - Foto: Omrop Fryslân

Jordan hie de smaak te pakken en gie troch mei filmjen. Yn dizze fim yn De Alde Feanen wol er net allinnich de moaie natuerbylden sjen litte, hy wol ek dúdlik meitsje hoe't dit bysûndere natuergebiet ta stân kommen is en hat him ferdjippe yn it libben fan de feanarbeiders. Hy krige dêrby stipe fan de minsken fan it Damshûs yn Nij Beets, dy't ek as figuranten meispile hawwe.

Jordan van der Maas - Foto: Omrop Fryslân

Ik wil mensen laten zien hoe mooi Nederland is en dat we er zuinig op moeten zijn.

Jordan van der Maas

Jordan fynt it net sa ynteressant om grutte natuerferskynsels te filmjen. It giet him krekt om de natuer dy't net sa sichtber is, om minsken bewuster te meitsjen fan alles om ús hinne. "Ik hoop dat mensen door mijn films meer oog krijgen voor de natuur en daardoor ook hun gedrag gaan aanpassen", seit de jonge sineast.

Om noch mear 'allround' te wurden is Jordan nei syn oplieding ta boskwachter no úteinset mei in oplieding op it gebiet fan media.

Jordan vd Maas, oer syn passy foar de natuer en syn nijste film

De film "Leven in het Veen" moat yn novimber klear wêze en sil dan te sjen wêze yn de Bios yn Drachten en nei alle gedachten ek yn oare, lytse bioskopen en sealtsjes. Op de webside fan Jordan van der Maas is folle mear ynformaasje te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)