Net genôch jild om klokkestuollen yn De Fryske Marren op de knappen

14 sep 2019 - 12:05

Der is net genôch jild om in trijetal klokkestuollen yn gemeente De Fryske Marren goed te restaurearjen. It ûnderhâld is yn hannen fan in stichting dy't meardere monuminten yn de gemeente yn eigendom hat. Dy binne ek oan ûnderhâld ta en dêrom hat de stichting jild te min, sa is de ferwachting.

Neffens foarsitter Jelle Belksma fan de stichting is der yn alle gefallen by trije klokkestuollen rap aksje nedich. Se binne oantaast troch houtrot en as der neat oan dien wurdt, kin de situaasje gefaarlik wurde. Sa stiet der by de klokkestoel fan Sniksweach al in waskôgingsboerd.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Om de klokkestuollen wer feilich te meitsjen soe it folsleine houtwurk fan de ûnderkant ferfongen wurde moatte. Allinnich de koppen fan de stuollen binne noch goed. De stichting is dêroer lykwols noch yn ûnderhanneling mei de rykstsjinst foar kultureel erfgoed. Dy stean meastal net te springen om it ferfangen fan sa'n grut part fan in monumint, sa fertelt Belksma. As se it der net mei iens binne dan soene de klokkestuollen dêrtroch de monumintestatus ferlieze kinne.

Grutste probleem is lykwols it jild. Op dit stuit hat de stichting noch genôch jild yn kas, mar om't der ek in tal oare grutte projekten oan sit te kommen, moat der in kar dien wurde. Sa moat meikoarten ek it kariljon op De Jouwer opknapt wurde en ek de oare seis klokkestuollen fan de stichting moatte restaurearre wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)