Xavier Mous nimt ôfskie fan Cambuur: "Dit zal me nog lang bijblijven"

14 sep 2019 - 11:27

De supporters fan SC Cambuur namen freed foar de wedstriid tsjin Helmond Sport ôfskied fan Xavier Mous. De keeper wie ferline jier ien fan de betteren by de Ljouwerters, mar makke yn de simmer de oerstap nei PEC Zwolle.

Xavier Mous tusken direksjeleden Gerald van den Belt en Ard de Graaf yn - Foto: Orange Pictures

Mous waard op it fjild yn it sintsje set troch de direksje fan Cambuur. Dêrnei makke er in earerûntsje. "Het was heel leuk, een heel mooie ervaring. Dit zal me nog heel lang bijblijven. Het was al met al een heel mooi afscheid. Ik heb veel bekende gezichten gezien, dus dat is heel leuk."

De âld-keeper fan Cambuur die foar de wedstriid ek noch in wurdsje, wêryn't er ôfslute mei 'hopelijk tot volgend jaar in de eredivisie': "Tuurlijk, dat zou hartstikke mooi zijn. Dat gun ik de club ook van harte."

Hichtepunten

Uteinlik hat Mous mar ien seizoen foar Cambuur keept. "Het was een korte, maar krachtige periode. Het is wel heel goed gegaan", fertelt er. Mar wat wiene no de hichtepunten? "Thuis in de play-offs tegen De Graafschap was een heel leuke wedstrijd. En de twee potjes tegen RKC Waalwijk, mijn twee beste wedstrijden van vorig seizoen. Dat zijn wel dingen die als eerste naar boven komen. Vooral thuis staat het publiek zó achter je, dat blijft hangen."

Cambuur hat in pear ton oan Mous oerhâlden en de doelman hat de stap nei de earedifyzje makke. "Het is voor iedereen een win-win-situatie geworden. Het laat ook zien wat voor mooi podium Cambuur biedt. Het laat zien dat je vanaf hier de stap naar de eredivisie kunt maken."

Foto: Orange Pictures

PEC Zwolle

Foar it begjin fan it seizoen krige Mous fan trainer John Stegeman fan PEC Zwolle te hearren dat er earste keeper wurde soe. En hy koe fuortendaliks oan de bak, want PEC hie in drege seizoensstart. "Ik kreeg een statistiekje doorgestuurd dat ik tot nu toe meeste reddingen had van de eredivisiekeepers. We moeten minder kansen weggeven. Maar als we dan een punt over de streep trekken, tellen die reddingen dubbel en dat geeft een goed gevoel. Ik ben al met al blij dat ik in de eredivisie zit."

De Cambuurfans sille him noch wolris werom sjen yn Ljouwert. Mous: "Ik voel me hier hartstikke welkom, dus ik kom zeker nog eens een wedstrijd kijken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)