Marrit Jasper wint mei Oranjeteam earste wedstriid World Cup yn Japan

14 sep 2019 - 10:51

Marrit Jasper fan Snits hat mei de froulju fan it Nederlânske follybalteam de earste wedstriid om de World Cup yn Japan wûn. Yn Hamamatsu waard Argentinië mei 3-0 ferslein.

Marrit Jasper yn aksje yn in oare wedstriid - Foto: Omrop Fryslân

Marrit Jasper begûn de wedstrid yn de basis. Oan it toernoai, dat om de fjouwer jier hâlden wurdt, dogge behalve organisator Japan en wrâldkampioen Servië de bêste twa lannen fan elts kontinint mei. De Nederlânske froulju dogge foar de twadde kear mei. Snein folget it twadde duel tsjin Kenia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)