Plysje trappearret 99 riders op te hurd riden

14 sep 2019 - 10:23

By kontrôles op te hurd riden binne freed hast hûndert boetes útdield. De radarkontrôles wiene yn Burgum en Rinsumageast, beide nei klachten oer te hurd riden.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

Yn Burgum op de Kleasterleane is 50 it maksimum. Mei-inoar 612 passanten waarden dêr kontrolearre. Fan harren rieden 48 te hurd. De rapste hie 80 kilometer yn de oere op 'e teller te stean.

Nei Burgum gie de radarkontrôle fierder yn Rinsumageast. Dêr, op Kapelle, waarden 410 foarbyriders kontrolearre. Fan harren rieden 51 hurder as de tastiene 60 kilometer yn de oere. De rapste rider stode mei 87 kilometer yn de oere foarby.

Trefwurden: 
Rinsumageast Burgum te hurd
(advertinsje)
(advertinsje)