Wassink: inkelde hûnderten minsken by marke fan Hee, benammen eilanners

14 sep 2019 - 08:54

It wie in rêstige nacht op Skylge. Neidat earder fan 'e wike bekend waard dat it festival Eilân definityf net trochgean koe, hiene teloarstelde festivalgongers op Facebook oankundige dat se bier drinke soene by it marke fan Hee. Dêr hie it festival freed begjinne moatten, as it net ferbean wie troch de rjochter.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Wassink sprekt fan in bysûndere situaasje. Freed wie it drok op alle boaten nei Skylge. "Dan hebben we plotseling ruim vierduizend 'oudere jongeren' extra op Terschelling." De hoareka hat dêr neffens de boargemaster goed op ynspile en in alternatyf programma oanbean, foaral yn Midslân. Dêr wie it freedtejûn tige drok yn de kafees, neffens Wassink.

Benammen eilanners

Op it plak dêr't it festival hâlden wurden soe, by it marke fan Hee, sieten inkelde hûnderten minsken, benammen eilanners, is Wassink syn yndruk. Hy hat der sels ek efkes west om te sjen. Wassink kin net oars as sizze dat se harren 'voorbeeldig gedragen' hawwe. Dy sinjalen krige er ek fan de plysje.

Statement

Earder hie de gemeente noch oproppen om net nei it marke te gean, mar der binne gjin boetes útskreaun. Dêr wie gjin reden foar, seit de boargemaster. Der mei gjin oerlêst wêze en dat wie der net. Dus gjin reden om yn te gripen. "Eilanders hebben, denk ik, ook een soort statement willen maken dat het festival hier best had gekund. Maar ze beseffen ook wel dat je dingen niet op de spits moet drijven. Dus ze hebben rustig bij elkaar gezeten. "

Sneontejûn hâlde se de boel wer yn gaten. Boargemaster Wassink: "We willen daar geen grote feesten en zeker geen geluidsoverlast."

Boargemaster Wassink

(Advertinsje)
(Advertinsje)