Kollum: "Treiterbarbecue"

14 sep 2019 - 08:40

Juster hie kollega Hilda Talsma it op dit plak oer de Frânske hoanne Maurice. Dy mei fan in Frânske rjochter gewoan moarnsier kraaie, nettsjinsteande it beswier dat buorlju út de stêd dêrtsjin hiene. Dit foarbyld stiet net op himsels. In fergelykber gefal fan nocht oan ûnnocht spile yn Australië.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "Treiterbarbecue"

Dêr besocht frou Cilla Carden by de rjochtbank foarinoar te boksen dat har buorlju ophâlde soenen mei barbecueën. Frou Carden is feganiste en seit dat se net oer de lucht fan de barbecue kin. Dus moatte de buorlju dermei ophâlde, neffens har.

Krekt as de Frânske rjochter yn de saak-Maurice wie syn Australyske ekwifalint dêr net gefoelich foar. In stikje fleis op de barbecue is foar de Australiërs sawat hillich. It is 'Aussie Eigen', sis mar. De rjochter fage de eask fan Cilla Carden fan tafel. Mar dêr bleau it net by. De Australiërs waarden sa lilk omdat immen besocht om ien fan harren stikje kultuergoed te ferbieden, dat mear as trijetûzen minsken harren yntiids oanmelden hawwe om foar it hûs fan Cilla Carden in saneamde 'treiterbarbecue' te organisearjen. Op 19 oktober soe ien en oar plakfine moatte. Mochten der noch opsjes nedich wêze foar it wurd fan it jier, dan liket treiterbarbecue my in kânshawwer.

No pleitsje ik net foar eigen rjochter spyljen, lit dat helder wêze. Dochs kin ik my yn guon gefallen wol in bytsje yntinke dat minsken harren beroerd fiele by de safolste saak dy't oanspand wurdt. De hoanne op Skier, it bargetikjen. Sa binne der in soad op te neamen. Al jierrenlang fergnuve wy ús oan minsken dy't it mei-inoar oan de stôk hawwe yn it programma de Rijdende Rechter. 'Kleinburgelijke twisten' oer rjocht fan reed en sa mear. Ik soe jimme út eigen ûnderfining in hiel fiis stjonkend boekje iependwaan kinne oer Australyske parkiten of kanarjes, mar it is my de muoite net iens mear wurdich.

Ik tink dat der yn dit lân folle wichtiger saken spylje om wol hiel skerp nei te sjen. Lykas nei polarisaasje, yntegraasje en akseptaasje. As Jean-Pierre Geelen yn in kollum yn de Volkskrant in komplete bedriuwstûke foar kriminele organisaasje útmakket, fyn ik dat nochal fier gean. Draacht dat echt by oan it kreëarjen fan in tolerant lân dêr't we inoar yn ús wearde litte? Neffens my net, mar dat kin oan my lizze. De al mar ferhurdzjende toan oan sawol linker as rjochter side set groepen minsken streekjocht tsjinoerinoar. Nimmen wol mear bewege, mieningen fan 'de oare kant' wurde net iens mear ûndersocht. De iene neamt de oare dom, de oare kant is gek. Tuskenbeide is gjin romte, fan dialooch is amper mear sprake. Of it moat elkoar 'vliegen afvangen' wêze op de asosjale media.

Juster seach ik in prachtige guozzeflecht yn V-foarm oerkommen. Der binne ek moaie dingen, as jo se mar sjen wolle.

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)