Oratmangoen: "Ik voelde al dat ik hem heel lekker raakte"

13 sep 2019 - 23:41

SC Cambuur hat freedtejûn mei 5-1 wûn fan Helmond Sport. De Ljouwerters, mei Oratmangoen foar it earst yn de basis, begûnen oanfallend en krigen al gau in pear kânsen.

Ragnar Oratmangoen skoarde krekt foar it skoft in prachtige goal. "Ik nam hem nog niet eens goed mee, ik zag dat de keeper te ver voor zijn goal was en besloot 'm te stiften. Toen ie van mijn voet afgleed voelde ik al dat ik hem heel lekker raakte," sei de oanfaller.

Hy stie foar it earst yn de basis en wie bliid mei syn optreden. "Ik denk dat ik veel dreiging in mijn spel had en een doelpunt is alleen maar mooi." Neffens him hat Cambuur in goede wedstriid spile. "Aan de bal lieten we goed voetbal zien en waren we dreigend naar voren. Ik denk dat je daar als supporter van kan genieten."

It hichtepunt fan de jûn wie foar trainer Henk de Jong it momint dat Robin Maulun de bal oan Delano Ladan joech, om de penalty te nimmen. "Maulun is penaltynimmer, mar dy tocht by himsels: Delano is spits, dy moat 'm nimme. Ast dat sjochst, tinkst: we binne op de goede wei", seit De Jong.

De trainer seach de stift fan Oratmangoen al oankommen. "De keeper wie in ein út 'e goal en hy kaam frij. Dat is fansels smulle."

Issa Kallon krijt noch wol ris krityk, mar wie mei twa assists wer belangryk foar Cambuur. "Hy is foar ús hartstikke belangryk, mei syn snelheid. En at hy dan ek noch skoaren giet spilet hy nei de winter net mear by ús."

Foar Kellian van der Kaap wie it in goede ynkommer yn it betelle fuotbal. "Je valt wel op een lekker moment in", seit er. Hy seach al oankommen dat er dizze wedstriid ynsetten wurde soe. "De trainer laat je niet zomaar warmlopen." Van der Kaap sjocht dan ek mei in tefreden gefoel werom op de wedstriid. "Daar heb ik jaar in jaar uit voor gewerkt en dat is nu beloond."

Mei Sven Nieuwpoort en de noch blessearre Doke Schmidt is der in soad konkurrinsje foar de sintrale ferdigener, mar "daar word je alleen maar beter van. Je weet van tevoren dat als je bij een club als Cambuur komt dat je concurrentie hebt."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)